Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Help Tryater: de striid is noch net dien !

FNP komt op foar Tryater yn Europeesk Parlemint

 

FNP Annigje Toering  

 

Achte lêzers,

 

Der komt in moasje yn de Twadde Keamer foar Tryater. De Haachske partijen rollebolje no oer elkoar hinne om de eare. Dizze slach liket binnen, mar Tryater is noch net rêden.

 

Earst moat de Keamer noch yn mearderheid foar de moasje stimme. En dan moat de Steatssiktaris him ek noch oernimme en útfiere wolle. Dat is perfoarst noch net wis !

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

Help Tryater en skriuw in brief !

 

Omdat de útkomst fan it Keamerdebat mei Steatssiktaris Halbe Zijlstra perfoarst noch net wis is, roppe wy jim as Steatefraksje op en gean troch mei it skriuwen fan brieven foar Tryater.

Alle ynformaasje en foarbyldbrieven fine jo op de spesjale aksjeside fan Tryater.

 

Meie wy yn it belang fan Tryater en de Fryske taal en kultuer op jim rekkenje? 

 

 

 

FNP komt op foar Tryater yn Europeesk Parlemint 

 

Sybren 2011 lyts  

 

Achte lêzers,

 

Op inisjatyf fan de FNP stelt de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint fragen oer Tryater. De fragensteller sille flugger as gewoan antwurd krije fan de Europeeske Kommisje, wy hoopje noch foar it Keamerdebat op 27 juny.

 

Der komt ek in harksit  oer Tryater yn Straatsburch op 7 july. De EFA, dy't likernôch 40 Europeeske regio's fertsjintwurdiget, hat sels ek in protestbrief stjoerd nei de Steatssiktaris.

 

Sybren Posthumus, wurdfierder EU-saken

 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)