Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief FNP Steatefraksje oktober 2011

Ferhuzing Provinsjehûs, aksje tsjin sâltwinning en de krisis yn Europa

 Ferhuzing fraksjekeamer nei Twibaksmerk   

 

Ferhuzing lyts  

 

Op 3, 4 en 5 novimber ferhuzet de Provinsje werom nei it fernijboude Provinsjehûs oan de Twibaksmerk.

Yn ferbân mei de ferhuzing is de fraksjekeamer sletten yn wike 44. Op moandei 7 novimber binne wy wer iepen op it nije wurkplak.

 

Nij besykadres:

Twibaksmerk 52, 8911 KZ Ljouwert, keamer 0.62

 

Postadres en tillefoan bliuwe gelyk:

Postbus 20120, 8900 HM Ljouwert

Tillefoan: 058-2925803

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 FNP yn aksje tsjin de sâltwinning   

 

Anna Martha 2011 lyts  

 

Op 27 oktober komt de sâltwinning yn de Twadde Keamer. De FNP pleitet mei alle oare partijen yn PS foar in stop op de sâltwinning ûnder de fêste wâl fan Noardwest-Fryslân.

Op 7 septimber pleite de FNP foar ienriedigens by de belutsen gemeenten. Dêrnei brocht de FNP mei PvdA en CDA in moasje yn de Steaten fan 14 septimber, dy't unanime stipe krige. Mei de belutsen fraksjes fan gemeenten en Wetterskip brocht de FNP op 1 oktober in wurkbesite oan it gebiet. Wopke Veenstra hat oanslutend op 4 oktober fragen steld yn it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip. Meast resint is in opinystik fan Wopke en ûnderskreaune dat op 14 oktober yn it Friesch Dagblad ferskynde: it Wetterskip hat de kaai yn hannen.

 

Anna Martha van der Mei, wurdfierder mynbousaken 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 

 Ofskied Sjoerd Galema en debat Koalysje-akkoart 

 

Annigje 2011 lyts  

Sjoed Galema hat yn de Steaten fan 21 septimber ôfskied nommen. Annigje Toering mocht de skiedend deputearre as nestor fan de Steaten tasprekke: 'Noch altyd de boer yn it pak, de strik foar en baas op eigen hiem'.

 

Fierder wie der in debat oer it Koalysje-akkoart.

Foar de FNP stiet in hoeden en deeglik finansjeel belied  foarop: it kolleezje moat aktyf ynspylje op de strukturele fermindering fan ynkomsten út it Ryk wei.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail fnpfryslan.nl  

 

 

 

 

 FNP skipper Auke Bijlsma wint Steatesilen 2011

 

Auke 2011 lyts  

FNP skipper Auke Bijlsma, earste opfolger by de Steatefraksje, hat syn titel fan 2010 prolongearre by it Steatesilen 2011 yn Balk.

 

De tradisjonele sylwedstryd wie op'e Sleattemermar, dêr't de ploech ûnder lieding fan Auke mei grutte oermacht as earste binnen kaam.

 

Lês hjir fierder

 

Auke Bijlsma, Earste Opfolger 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

 

 Oerlis mei nije FNP senator Kees de Lange 

 

Kees de Lange  

 

Kees de Lange is de nije senator foar de FNP. Hy folget Hindrik ten Hoeve op, dy't acht jaar Earste Kamerlid west hat. Okkerdeis hiene Bestjoer en Steatefraksje in earste moeting mei ús nije fertsjintwurdiger.

 

Nei it yn'e kunde kommen wie der daliks in polityk oerlis. Twatalich, op fersyk fan de Senator sels.

It klikt hiel goed tusken De Lange en de FNP-ers, dat der is alle betrouwen yn in goede gearwurking foar de takomst.

 

Lês hjir fierder besjoch de foto's en it nije OSF filmke

 

Reaksje? Mail a.m.vandermeifryslan.nl

 

 

 

 

 

FNP aktyf yn Europa

 

Sybren 2011 lyts  

De krisis yn Europa twingt de nasjonale steaten om sizzenskip priis te jaan. De FNP sjocht dêryn nije kânsen foar syn idee fan in Europa fan de regio's. Lês it Te Gast fan Sybren Posthumus en Annigje Toering yn de Ljouwerter Krante.

 

Op 11 oktober waard bekend dat de FNP nei 25 jier wer it grutte ynternasjonale EFA-kongres organisearje mei. Dat sil plakfine tusken 22 en 25 maart takom' jier.

 

Sybren Posthumus, wurdfierder Europeeske saken 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

 

 Wurkbesite Bosk en Greide

 

visser 1  

 

Untwikkeling fan natuer en lânskip stiene sintraal by in FNP wurkbesite op 31 augustus oan Gaasterlân-Sleat. 

 

Deputearre Johannes Kramer, FNP wethâlder Bonnema, riedsleden, Steateleden en bestjoersleden binne mei de Gaasterland-Express bus troch de omkriten riden. Under lieding fan bestjoerleden fan 'Bosk en Greide' hawwe se ferskate plannen foar ûntwikkeling fan natuer en lânskip besjoen. Spesjaal omtinken wie der foar de partikuliere natuerûntwikkeling.

 

Lês hjir fierder en besjoch it fotoferslach.

 

Jan Visser, Steatelid

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)