Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP winsket jim noflike feestdagen en in goede start fan 2012

Nijs út de Steaten fan desimber en noch folle mear

Noflike feestdagen en in goede start fan 2012

 

Annigje 2011 lyts  

Ut namme fan de nije FNP fraksje, meiwurkers en ús deputearre Johannes Kramer winskje ik jim hiele noflike feestdagen en in goede start fan 2012. 

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter  

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl 

 

 

 

Koart nijs út de Steaten fan desimber: FNP keart megastâlen foarearst op 

 

visser 1  

De FNP tsjinne mei súkses in útstel yn om foarearst gjin frijstelling te jaan foar grutte nije stâlen fan 3 bunder of mear. De Steaten moatte earst te set oer de spulrigels.

 

Lês hjir fierder it nijs út de Steaten fan desimber 

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

 

 

 

 

 Liander oansprekke op ôfsluten gas en elektra   

 

Sybren 2011 lyts  

 

De FNP wol dat de Provinsje Fryslân netwurkbedriuw Liander oansprekt op it ôfsluten fan klanten fan gas en elektra. Mear as earder komme minsken yn de kjeld te stean, omdat der gjin goed oerlis is mei de sosjale tsjinsten en oare ynstânsjes.

 

Deputearre Poepjes die yn it fragenoerke fan de Steaten in tasizzing oan FNP wurdfierder Sybren Posthumus. De Provinsje sil hjir as grutoandielhâlder fan Liander wurk fan meitsje. 

 

Lês hjir fierder

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 Begrutting 2012: FNP set yn op wurkgelegenheid, Frysk en greidefûgels   

 

Anna Martha 2011 lyts  

 

De FNP hat foar de provinsjale Begrutting 2012 moasjes yntsjinne foar stipe oan Omrop Fryslân, wittenskiplik taalûndersyk nei it Frysk, de greidefûgels en in ynvestearringsfûns foar doarpen en stedswiken.

 

Lês hjir fierder

 

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder lânbou en natuer 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 

 Kosten Fryske seediken earlik ferdiele 

 

visser 1  

 

‘De Fryske seediken keare ek it wetter foar de Grinzers en Drinten. Allinnich de Friezen dêrfoar opdraaie litte is net earlik. Yn de Rânestêd draaie de minsken dochs ek net allinnich foar de kosten op, dy ‘t troch de files dêr feroarsake wurde? Fanwege de solidariteit yn it lân moat it Ryk moat dêrom de rezjy yn de finansiering hâlde'.   

 

Lês hjir fierder

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Wetter 

Reaksje? Mail jan.visserfryslan.nl

  

 

 

 

 

 Meiinoar opkomme foar de Sionsberg

 

Annigje 2011 lyts  

 

‘Opkomme foar in ferantwurde sûnenssoarch yn Noardeast-Fryslân, ynklusyf earste help, ferloskunde en bertesoarch. In wichtich aspekt is ek it behâld fan wurkgelegenheid yn de regio. De Sionsberg is de grutste wurkjouwer yn dit gebiet.'

 

De FNP hat fragen steld; de antwurden fan it Kolleezje stelle ús net alhiel gerêst. 

 

Lês hjir fierder

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

 

 

FNP aktyf yn Europa: ein meitsje oan 'lanlike kartelpolityk' 

 

Sybren 2011 lyts  

De Fryske partijen yn Europa wolle in ein meitsje oan it 'kartel' fan grutte lanlike partijen. Regionale ûnderwerpen en ferkiezings yn Fryslân wurde misbrûkt foar Haachske filiaalpolityk.

 

Lês hjir fierder 

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)