Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP-Nijsbrief jannewaris: politike trochbraak mei pleit gasjild

Oersjoch aktiviteiten fan de Steatefraksje

 

Politike trochbraak mei pleit foar gasjild

 

Sybren 2011 lyts  

De FNP hat mei PvdA, CDA, PVV en Friese Koers fragen steld yn in ynterpellaasje oer de gasbaten. Oanlieding wie de fynst fan it nije gasfjild yn Dongeradiel. Der wie in royale mearderheid yn de Fryske Steaten foar in grutter oandiel fan de gasbaten foar de regio. 

 

It Kolleezje fan DS naam it stribjen fan de partijen ek oer. Fierder hat ús OSF-FNP senator Kees de Lange fragen steld oer de kwestje yn de Earste Keamer. FNP wurdfierder Sybren Posthumus neamde it in ‘histoaryske trochbraak'. De gasbaten steane al fan it begjin yn 1962 ôf yn it FNP program.

 

Sybren Posthumus, wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl 

 

 

 

 

Ynwenners sels baas oer takomst eigen gemeente

 

Annigje Toering 2012 05  

De ynwenners moatte yn alle gefallen de mooglikheid hawwe om har út te sprekken oer de takomst fan har eigen gemeente. De bêste en meast demokratyske gelegenheid  dêrfoar is de earstfolgjende reguliere gemeenteriedsferkiezing yn maart 2014. Dat is de konklúzje nei in oerlis okkerdeis tusken de provinsjale en gemeentlike politisy en bestjoerders fan de FNP.

 

Lês hjir fierder

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 

Drukt it Ryk de mega-wynmûneparken troch?

 

visser 1  

Grutte kommoasje op it Provinsjehûs troch de nije set fan de projektûntwikkelders fan mega-wynmûnen yn Fryslân, de E-10 groep. Troch har plannen oan te melden foar in Ryks-ynpassingsplan wolle se de Fryske polityk passearje.

 

De FNP hat hurd ûnderhannele om yn it Fryske koalysje-akkoart te krijen dat mega-wynmûnen net mear rûnom yn Fryslân delset wurde meie, allinnich noch op inkele plakken lykas de Ofslútdyk. Wy fine dat de projektûntwikkelders mei har nijste plannen sjen litte dat se gjin boadskip hawwe oan de Fryske boarger dy't him oprjocht soargen makket oer de takomst fan it Fryske lânskip.

 

Lês hjir fierder

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

   

Bestjoerlik liederskip en de FNP

 

Anna Martha 2011 lyts  

Tusken alle drokke bedriuwen troch hat FNP Steatelid Anna Martha van der Mei mei súkses har oplieding dien makke yn Bestjoerlik Liederskip by AOG - School of Management fan de RUG yn Grins.

Ut namme fan de hiele partij tige lokwinske !

 

 

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder ferkear en ferfier, lânbou en natuer 

 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 

 

Kritearia foar útjaan jild Suderseeline

 

Auke 2011 lyts  

 

De Steaten hawwe wer te set west oer de kritearia foar it útjaan fan it saneamde REP-jild. Dat is jild dat it Noarden krigen hat fan it Ryk as kompensaasje foar it ôfblazen fan de Suderseeline yn 2007.

 

FNP kommisjelid Auke Bijlsma pleite der foar om it jild allinnich yn te setten foar saken dy't bliuwend struktuerfersterkjend wurkje foar de hiele Fryske mienskip. It REP jild mei ek net brûkt wurde om gatten yn de rinnende begrutting mei te stopjen. De FNP wol dat foar it REP sadwaande deselde kritearia jilde as foar it eigen Fryske NUON-kaptaal.

 

Auke Bijlsma, FNP Kommisjelid Boarger en Mienskip 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

 

 

Net minder leden Rieden en Steaten

 

Annigje Toering 2012 05  

De FNP is fûl tsjinstanner fan it plan fan it kabinet om it tal rieds- en steateleden yn te krimpen. Fraksjefoarsitter Annigje Toering neamde it yn de Kommisje ‘Haachske symboalpolityk'. Se wiisde der op dat it tal steateleden noch mar koart lyn al slim ynkoarten is. 

 

Folksfertsjintwurdigers sille ek net mear op haadlinen wurkje, sa't it kabinet tinkt. Se hawwe no al te min tiid om har kaderstellende en kontrolearjende rol goed te ferfoljen, sa docht bliken út in grut tal ûndersiken. In beswier is ek dat lytse partijen nei alle gedachten net maklik mear oan de bak komme sille. Allinnich de VVD stipet dit ûnsillige kabinetsútstel.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

 

 

 

FNP: bettere kommunikaasje Provinsje mei boargers

 

visser 1  

Boargers dy't al jierren in strypke grûn brûke by in provinsjaal kanaal del, bygelyks as tún of terras oan it wetter, krigen ynienen in grouwe rekkening fan de Provinsje.

 

FNP Wurdfierder Jan Visser hat der wurk fan makke. Der hie hielendal gjin oerlis west mei de minsken. De amtlike tsjinst hat erkend dat dit mis wie. Underwilens hat der in earste petear mei de belutsenen plakfûn.

 

Harkje hjir nei it radiopetear mei Jan Visser

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

 

 

 

 

Op wurkbesite by Die Friesen yn Leer

 

Sybren 2011 lyts  

De fraksje wurket polityk gear oer de steatsgrinzen hinne. Bygelyks, mei susterpartij Die Friesen yn Ost-Friesland (Niedersachsen). Koartlyn hat wer in delegaasje fan Steatefraksje en Haadbestjoer nei Leer west te praten.

 

Yn Fryslân hawwe wy te krijen mei boaiemsakjen troch gas- en sâltwinning. Yn Ost-Friesland spilet op dit stuit o sa it saneamde ‘fracking' om mei eksplosiven en ynjeksje fan slim fersmoargjende gemyske stoffen oalje en gas út klaaistien te winnen. De partijen stypje elkoar juridysk, polityk en organisatoarysk, streekrjocht of fia ús Europeeske EFA-fraksje yn Brussel.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europeeske saken 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)