Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Nijsbrief febrewaris: Europa, Thialf en it gasjild

Fierder: *.frl, it Natuerakkoart en sosjale media

 

FNP wurkbesite Europarlemintariërs oer Europeesk lânboubelied

 

Anna Martha 2011 lyts  

Op 22 maart organisearret de Steatefraksje fan de FNP in wurkbesite oan Dairy Campus Nij Bosma Zathe. Der nimme trije Europarlemintariërs en in lânbouspesjalist oan diel. Tema is it takomstige Europeesk lânboubelied en de kânsen foar Fryslân. Op de wurkbesite komme Europarlemintariërs fan de EFA-fraksje út Skotlân, Flaanderen en Galisië. Fierder is ek in spesjalist út Wales oanwêzich en de Fryske lânboudeputearre Johannes Kramer. Alle FNP politisi en bestjoerders binne hjirfoar útnoege.

 

Anna Martha van der Mei,  FNP wurdfierder Lânbou

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

Ut de Steaten fan febrewaris: Nij Thialf en IIshal Ljouwert 

 

Annigje Toering 2012 05  

Haadpunt yn de Steaten fan febrewaris wie fansels it beslút ta de nijbou fan Thialf. De FNP hat mei PvdA, GrienLinks en PVV in amendemint yntsjinne om de nijbou op it besteande plak te dwaan. Wichtichste argumint fan de partijen wie dat dit mar leafst € 50 miljoen goedkeaper útfalt as nijbou oan de grutte dyk by it Abe Lenstra stadion. Technyk en foarsjenningen wurde op it besteande plak like goed: de A-status bliuwt foar Fryslân behâlden.

 

Annigje Toering, fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

 

Ferheging provinsjale pacht prizen bûten alle roai

 

visser 1  

De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oer it omheech bringen fan de provinsjale pachttariven ûnder oaren yn Achtkarspelen. Guon boargers hawwe in oanslach krigen dy't wol 6000% heger leit. De FNP fynt it hookstrooks en sûnder oerlis mei de boarger ferheegjen fan de tariven net akseptabel. Der is sels twifel oer de rjochtmjittigens fan de maatregel.

 

Lês hjir fierder

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

   

 

 

 

Oergong Jeugdsoarch nei gemeenten

 

Auke 2011 lyts  

 

De jeugdsoarch giet yn 2015 folslein oer nei de gemeenten. De Provinsje sil dêr dan gjin taak mear yn hawwe. As tarieding op dizze oergong is de Feriening Fryske Gemeenten dwaande mei in plan fan oanpak. Wethâlder Kooistra fan Opsterlân is de lûker fan it projekt. De FNP Steatefraksje gong mei leden fan de omlizzende FNP fraksjes op wurkbesite om te hearren wat de saneamde transysje fan de Jeugdsoarch krekt ynhâldt. 

 

Auke Bijlsma, FNP Kommisjelid Boarger en Mienskip 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

FNP freget stimulâns Fryske jeugdliteratuer

 

Annigje Toering 2012 05  

Der binne te min goede Frysktalige boeken foar de jeugd fan 6-16 jier. Dat stelt de Steatefraksje fan de FNP yn fragen oan deputearre De Vries. De FNP bepleitet in stimulâns foar de Frysktalige jeugdliteratuer yn de nije provinsjale Taal- en Kultuernota dy't  kommendeweis is. Dêrby tinkt de FNP ek oan de digitale middels dy't de jeugd brûkt.  

 

Annigje Toering, wurdfierder Taal en Kultuer 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

Fraachtekens by antwurd Verhagen op fragen gasjild

 

Sybren 2011 lyts  

Minister Verhagen (CDA) wol mei ekstra gasbaten foar de regio it paad sljochtsje foar bygelyks CO2-opslach yn de boaiem. Dat blykt út de antwurden op keamerfragen fan ús senator Kees de Lange. De FNP bliuwt kritysk, no't bliken docht dat it De Haach net giet om in earliker ferdieling fan it gasjild mar om polityk 'draachflak' foar saken dy't by de befolking net goed lizze.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)