Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Nijsbrief Steatefraksje: FNP skerp op mega-wynparken en Frysk

Fierder: EFA kongres Ljouwert, provinsjale hierprizen, Noardlik Lânsdiel en skjinne enerzjy

 

 

FNP wurkbesite EFA-Europarlemintariërs tige slagge 

 

Anna Martha 2011 lyts  

Op 22 maart wie de Steatefraksje gasthear foar in tal Europarlemintariërs op Dairy Campus Nij Bosma Zathe

De Europeeske gasten wiene hjir yn de oanrin nei it grutte EFA-kongres yn Ljouwert. Neffens de dielnimmers wie de wurkbesite 'tige nuttich' foar harren wurk. 

 

De Skotse lânbouspesjalist Alyn Smith MEP wie ûnder de yndruk fan FNP lânboudeputearre Johannes Kramer: 'impressive agri-minister' twittere hy nei ôfrin. Der is praat oer de takomst fan it Europeeske lânboubelied nei 2014. Foar de FNP binne dêryn it greidefûgelbelied en it agrarysk natuer- en lânskipsbehear tige wichtich.

 

Anna Martha van der Mei,  FNP wurdfierder Lânbou

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

FNP komt op foar stúdzje Frysk 

 

Annigje Toering 2012 05  

It Ryk moat soargje dat de stúdzje Frysk oan de Ryks Universiteit yn Grins (RUG) bestean bliuwt. Dat seit de FNP op sinjalen dat de RUG de stúdzje Frysk skrasse wol. Yn de noch jildende Bestjoersôfpraak Fryske Taal en Kultuer fan 2001 mei de provinsje Fryslân hat it Ryk in garânsje jûn foar de haadfakstúdzje Frysk yn Grins.

 

Annigje Toering, wurdfierder Taal en Kultuer 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

FNP moasje tsjin wynmûnen krijt stipe yn Europa 

 

Sybren 2011 lyts  

De FNP hat op it EFA-kongres yn Ljouwert in resolúsje yntsjinne tsjin it Nederlânske Ryksynpassingsplan om grutte wynmûneparken yn Fryslân del te setten. It Ryk skoot de Provinsje hjirmei oan de kant. De resolúsje feroardielt dit belied krêftich út Europa wei. Mei dit sinjaal nei it Nederlânske regear moatte de belangen fan de ynwenners fan Fryslân dúdlik behertige wurde. De FNP krige hast unanime stipe foar syn pleit.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Europa 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

Provinsje: flaters by ferheging hierpriis PM-kanaal  

 

visser 1  

 

It Kolleezje hat antwurd jûn op fragen fan de FNP oer it omheech bringen fan de provinsjale pachttariven ûnder oaren yn Achtkarspelen. Guon boargers hawwe in oanslach krigen dy't wol 6000% heger leit.

 

Deputearre Steaten hawwe tajûn dat der flaters makke binne yn de kommunikaasje. Yn guon gefallen is de hierpriis mear as 1000% omheech gien, sa skriuwe se. Allinnich al by it PM-kanaal del blykt it om 150 minsken te gean. De FNP bliuwt kritysk. Sa jouwe DS net oan wat it jildende belied is om sokke oanslaggen te stjoeren. 

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

   

 

 

 

Amtlike gearwurking opmaat foar Noardlik Lânsdiel

 

Annigje Toering 2012 05  

 

It talitten fan in amtlike fúzje mei Grinslân en Drinte is in strategyske flater as wy Fryslân op termyn oerein hâlde wolle. It is de opmaat nei in Noardlik Lânsdiel. Dat stelde de FNP yn de Steatekommisje fan 7 maart.

 

Annigje Toering, wurdfierder Bestjoerlike Saken 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

FNP foar skjinne enerzjy, wettertechnology en Fryske Marren 

 

Sybren 2011 lyts  

De FNP stipet de oergong nei duorsume enerzjy fan herte. De enerzjykoöperaasje Fryslân krige yn de Steaten fan maart unanime stipe. It is in wichtich ûnderdiel fan it Koalysje-akkoart fan FNP, PvdA en CDA.

 

Fierder hawwe de Steaten grutte bedraggen beskikber steld foar it stypjen fan de Wettertechnology en it Fryske Marreprojekt foar de wetterrekreaasje. Hjirmei binne wer in pear grutte punten út it FNP program foar dizze perioade fersulvere.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)