Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Wynmoleplannen, Waadgasjild en it Nije Winkeljen

Nijsbrief Steatefraksje no online

Wynmoleplannen net trochdrukke 

 

visser 1  

De nije stichting E10 besiket in tal âlde wynmoleplannen te bondeljen en troch dy gruttere skaal de provinsje te passearjen. Dat liket in tûke set, mar it doocht net, fynt de FNP. 

 

Jan Visser,  FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail: a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Cito toets Frysk 

 

Annigje Toering 2012 05  

Okkerdeis is troch de Provinsje de Cito-toets begripend lêzen Frysk foar groep 8 fan de basisskoalle presintearre.

 

De ûntwikkeling fan dizze toets komt fuort út in FNP moasje yn de foarige steateperioade. Der sil ek noch in toets foar stavering, technysk lezen en wurdskat komme moatte. Dat binne allegear stappen ta in systeem fan toetsing en learlingfolchsysteem. Us doel is úteinlik in trochgeande learline Frysk fan pjutteboartersplak oant Universiteit.

 

Wy binne tige grutsk op dit resultaat.

 

Annigje Toering, wurdfierder Taal, Kultuer en Underwiis

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

FNP yn PS: fragen wetterskipslêsten en Waadfûns nei de regio

 

Sybren 2011 lyts  

PS hawwe ynstimd mei it oergean fan it Waadfûns fan it Ryk nei de waadprovinsjes. In âlde winsk fan de FNP; sizzenskip oer it Waadgasjild nei de regio ! 

 

Jan Visser hat yn de Steaten fragen steld oer de wetterskipslêsten. Boargers fan provinsjes mei in soad seediken en net folle ynwenners binne relatyf djoer út, no't de seediken fan it Ryk nei it Wetterskip gien binne. 

De FNP fynt dat net solidêr: it systeem is net Fryslân-proof.

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy en Finânsjes 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Sjoch hjir fierder de fideo fan de Steaten 25 april

 

 

 

 

FNP wurkbesite Skriezekrite Idzegea  

 

Anna Martha 2011 lyts  

De FNP hat yn april op wurkbesite west by de Skriezekrite Idzegea. Neist de Steatefraksje wie ek de Wetterskipsfraksje fan de FNP oanwêzich. Mei Lolke Folkertsma en Wopke Veenstra is besjoen hoe't it rinnende projekt fan it Wetterskip 'Ferbettering Oevers en Kaden Gaastmar e.o' útpakt foar de greidefûgels.

 

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder Natuer en Lanlik Gebiet  Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Klik hjir fierder nei it filmke en de foto's

 

 

 

FNP reaksje op fal kabinet 

 

Annigje Toering 2012 05  

 

Los fan de politike kleur is de fal fan it kabinet min nijs foar Fryslân. It is in ramp foar de nije bestjoersôfspraken oer it Frysk, de Taalwet en de desintralisaasje fan foech en taken nei Fryslân ta.

 

Allegear saken dy't krekt op'e rails set wiene en dy't no wer faai komme te stean. Der sil kwalik omtinken foar wêze no't it allegear om Haachske ferkiezingskampanjes, keapkrêftplaatsjes en persintaazjes draait de kommende tiid.

 

Annigje Toering, wurdfierder Bestjoerlike Saken 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

It Nije Winkeljen

 

visser 1  

Binnenstêden sille kompakter wurde, winkels oan útfalswegen komme leech te stean en kinne opnij bewenne wurde.

 

De Steaten kinne dy ûntwikkeling yn goede banen liede troch de problematyk te belûken by de Streekaginda's. Gemeenten moatte op romtlik mêd yntinsyf gearwurkje en elkoar net langer bekonkurrearje.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)