Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP nijs út de Steaten fan septimber

Nijsbrief Steatefraksje no online

 

 

Súkses FNP mei ekonomy en treinen;

 

krityk op gong fan saken Sionsberg en ûnteigening Sintrale As 

 
Annigje Toering 2012 05  

Grutste wurklistpunt wie de nije Nota Ekonomy. Wy hawwe yn it debat in tal wichtige moasjes binnen helle. Dêrmei stjoere wy it belied mear de kant út dy't de FNP graach sjocht: mear regionaal foech en middels.

 

Fierder komme der mear treinen nei Ljouwert. De FNP hie krityk op de gong fan saken mei de Sionsberg en de ûnteigening fan grûn foar de Sintrale As.

 

Annigje Toering, FNP fraksjefoarsitter

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Fragen oer yntinsive feehâlderij yn Fryslân

 

visser 1  

De Steatefraksje wol fan it Kolleezje fan DS witte oft plannen foar grutte hinne- en bargestâlen yn Fryslân foarearst yn de wacht set wurde. Oanlieding is de moasje-Van Veldhoven (D66), dy't okkerdeis troch de Twadde Keamer oannommen is. De Keamer wol earst mear witte fan de sûnensrisiko's foar omwenners fan grutte stâlen.

 

Jan Visser, FNP wurdfierder Romtlike Oardering

Reaksje? Mail a.m.vandermeifryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Pleit foar dassetunnels yn provinsjale dyk 

 

Anna Martha 2011 lyts  

 

De Steatefraksje fan de FNP wol dat de Provinsje dassetunnels oanleit yn de N359 troch Gaasterlân. Yn de provinsjale dyk tusken Balk en Koudum binne op in inkel plak sûnt 2005 wol 15 dassen deariden. De fraksje stelt fragen oer it grutte tal ferkearsslachtoffers.

 

Anna Martha van der Mei, FNP wurdfierder Natuer 

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Ynformaasje grûnposysjes gemeenten en weryndieling wegere

 

Sybren 2011 lyts  

 ‘Krekt troch ynformaasje efter te hâlden foar de demokratysk keazen folksfertsjintwurdiging wekt de oerheid de yndruk dat der mooglik grutte problemen binne mei it grûnbelied fan de gemeenten.'

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Finânsjes 

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

 

 

Utkomsten FNP sympoasium Lytse Skoallen 

 

Annigje Toering 2012 05  

De FNP organisearre op 11 juny yn Easterein in sympoasium oer de takomst fan de lytse skoallen yn Fryslân. In aktueel ûnderwerp dat rûnom spilet.

 

Op 1 oktober wie der yn Wurdum in ferfolch foar FNP riedsleden en wethâlders.

 

Annigje Toering, FNP wurdfierder Underwiis

Reaksje? Mail a.bijlsmafryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Lit it sâlt mar sitte ! 

 

Auke 2011 lyts  

 

De wurkgroep "Zout is Fout" hat mei súkses de sâltwinning by Slappeterp opkeard. Reden foar in betinking op 10 septimber. De provinsjale polityk wie allinnich fertsjintwurdige troch de FNP.

 

Auke Bijlsma, Earste Opfolger - Kommisjelid FNP

Reaksje? Mail s.posthumusfryslan.nl

 

Lês hjir fierder

 

 

 

Lobby wurkgelegenheid justysje Ljouwert mislearre

 

Sybren 2011 lyts  

Banen by it Ljouwerter Gerjochtshôf en it Iepenbier Ministearje ferdwine no dochs nei Arnhem. De FNP hat fragen steld oer it behâld fan heechweardige wurkgelegenheid foar Ljouwert as justysjestêd, no't de nije gerjochtlike kaart fan Nederlân in feit is. 

 

Sybren Posthumus, FNP wurdfierder Ekonomy 

Reaksje? Mail a.toering-schuurmansfryslan.nl

 

Lês hjir fierder



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)