Kearnwearden fan de FNP

7 Kearnwearden fan de FNP

Demokrasy: De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

Federalisme: De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy't minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stal te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.

Ynternasjonalisme: De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

Taal en kultuer: Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr't ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Bildts en it Stellingwarfs.

 

Undernimmerssin: De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmersskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.

Solidariteit: De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.

Duorsumens: De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy't in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.



Tags: algemien

Kearnwearden fan de FNP

2019 FNP Fryslân - Disclaimer