Ekonomy en wurkgelegenheid

Lykas op in soad plakken ûntstiet ek yn Fryslân krapte op de arbeidsmerk. Benammen it ferlet oan faklju sil de kommende jierren rap grutter wurde. Mei troch de fergrizing sille der neffens it DUO (Dienst Uitvoering Onderwijs) oer 10 jier nochris 15% minder fakminsken beskikber wêze. Wy sjogge dat yn hiel it lân it tekoart oprint. Mei de grutte transysjes op it mêd fan enerzjy en klimaat dy't op ús ôfkomme, sil de fraach allinnich mar tanimme. Dat betsjut dat der in kultueromslach nedich is. Fryslân is in MBU-provinsje. Neffens sifers fan it Frysk Sosjaal Planburo komme 7 fan de 10 jongeren mei in MBU-diploma it wurkfjild yn. Der is in driuwend ferlet fan en sy fertsjinje alle wurdearring.

 

Wrâldferneamde wrotters

Te lang hat de fokus lein op it sa heech mooglik oplieden fan minsken. Wy sjogge in trendbreuk. It binne no de gouden hantsjes dy't in winkend perspektyf hawwe. It MKB is in sterk punt fan Fryslân. Krekt de lytsere skaal fan bedriuwen soarget foar bining mei it personiel en mei de klanten. De kwaliteit en it arbeidsetos fan Fryske faklju is rûnom ferneamd.

 

Dat betsjut dat der mear wurdearring komme moat foar it praktysk ûnderwiis. Per 1 jannewaris 2023 sille de Friese Poort en it Friesland College fusearje. Wy wolle de nije skoalle stipe jaan om harren te profilearjen as dé skoalle foar it praktykûnderwiis. Fryslân as dé fakwurkprovinsje. Der leit ek in rol foar de provinsje. Wy wolle de kommende jierren de ambachten en it fakwurk wer mear sichtber meitsje. Te lang is der belied fierd om sokke bedriuwen fuort te stopjen op bedriuweterreinen. Wy wolle it wurk wer prominint yn it strjitbyld hawwe. It moat nijsgjirrich wêze. Dêrneist wol de FNP mear de ferbining lizze tusken skoallen en ûndernimmers. Der moatte strukturele gearwurkingsferbannen komme. Wy sjogge dat soks bygelyks by de Ulbe van Houten-skoalle op It Bilt en op it Technasium yn Frjentsjer al bart. De provinsje sil de dialooch mear op gong bringe moatte om te kommen ta in duorsume takomst.

 

Fryslân wurket 

In soad minsken en ynstânsjes wurkje harren út 'e naad om fakminsken op te lieden en te sykjen. Mar de inisjativen binne fersnippere. Dêrom moat der yn de syktocht nei fakminsken yn Fryslân sa gau as mooglik in sintraal loket komme. Dit kin ûnderdiel wurde fan Fryslân Werkt. Foar:

  • Sintrale oanstjoering
  • Ynformaasje sammelje
  • Ferbinings lizze en fasiliteare
  • Alle fersnippere inisjativen byinoar bringe

De partners hjiryn binne: bedriuwen, gemeenten, skoallen en it UWV. De FNP fynt dat wy foaral ek each hawwe moatte foar lytsere bedriuwen, dy't net folle tiid en minsken hawwe foar it finen fan personiel en gjin jild hawwe foar boanussen.

De doelstellingen fan Fryslân Werkt wurde sadwaande ferbrede, bygelyks mei it behearen fan de relaasjes fan de provinsje en it organisearjen fan gearkomsten en aktiviteiten. Dit om de dialooch oer in duorsume takomst te befoarderjen.

 

App foar wurk-reservisten

De FNP wol dizze perioade ek ynsette op de ûntwikkeling fan in Fryske marktplaats/app foar (pensjonearre) faklju en soarchmeiwurkers. Yn gearwurking mei it bedriuwslibben en de oare Fryske oerheden wolle wy komme ta in platfoarm wêr't minsken en bedriuwen mei putsjes en wurksumheden inoar fine kinne. Sa ûntstiet der in pool fan soarch-, fakwurk- en hannewurk-reservisten. Soks kin de druk yn ferskillende sektoaren, lykas ek de hoareka, wat weinimme en sa kinne piken yn de fraach better opfong wurde.

 

Ljouwert, in échte studintestêd

De FNP is wiis mei Ljouwert. Wy sjogge dat de stêd him de lêste jierren echt ûntwikkele hat ta in folweardige studintestêd. Mei NHL/Stenden, Van Hall-Larenstein, de wetterkampus fan Wetsus, de RUG Campus Fryslân en de MBU's libbet de stêd as nea earder. Tegearre mei de gemeente Ljouwert wolle wy dizze ûntwikkeling fierder útwreidzje.

 

Fryslân in eigensinnige topbestimming

Fryslân hat in sterke rekreaasje-sektor mei ynternasjonale útstrieling. Wat de FNP oanbelanget, sette wy yn op duorsumens mei besikers dy't de skjintme fan Fryslân ûnderskriuwe. Benammen yn koroana-tiid kamen der ek wol oare toeristen nei Fryslân ta. Fryslân en ús eilannen binne gjin Ibiza en dat hoech ek net. Wy sette yn op de kearnkwaliteiten: de rêst en romte dy't Fryslân ryk is yn kombinaasje mei ús libbene stêden en doarpen. Plattelânstoerisme en wettersport fan wrâldnivo Bygelyks yn en om ús Fryske Marren, it Waadgebiet en ús eilannen of de bosken fan Gaasterlân en de Fryske Wâlden. De Provinsje hat dêrby in stypjende en oanjeiende funksje. De skiednis fan Fryslân en syn rike kultuer moatte dêr mear ûnderdiel fan wurde. In ûnderskiedend elemint, nijsgjirrich foar ús gasten.

 

De FNP sjocht lykwols ek in ûntwikkeling wêryn't de minsken mei in lytsere beurs ferdreaun wurde fan harren fakânsjeplakken. De provinsje giet net oer de bedriuwsfiering fan ûndernimmers, mar de kommende jierren moat der al rekken mei hâlden wurde dat Fryslân foar elk tagonklik wêze moat. Yn dat ljocht bliuwt de FNP ek tige kritysk op de útwreiding fan grutte fakânsjeparken. Spesjale oandacht foar de Waadeilannen is op syn plak. It leechseizoen bestiet dêr eins net mear. Dat betsjut in kontinue druk op personiel, ûndernimmers en de natuer op de eilannen. Wy wolle yn de kommende perioade in grut ynternasjonaal kongres op ien fan de eilannen organisearje rûnom it fraachstik fan duorsum toerisme. Hoe bliuwe ekonomy, leefberens en natuer yn lykwicht? It sil hieltyd urginter wurde dat wy dêr in antwurd op fine.

 

Kultureel erfgoed is rûnom oanwêzich. Yn ús musea, histoaryske binnenstêden en yn it lanlik gebiet sa as de Fryske pleats en greppeltsjelân. Mar ek yn de boaiem en ûnder wetter lizze oantinkens dy't in byld jouwe fan ús skiednis. Ymmaterieel erfgoed, ús tradysjes, rituelen en ferhalen fertelle oer wêr't wy weikomme, wa't wy binne en hoe't wy ús ûntwikkelje. De FNP set him yn om it kultureel erfgoed te beskermjen, mar ek om nije ûntwikkelings mooglik te meitsjen. Kultureel erfgoed stiet midden yn ús maatskippij, biedt kânsen en ferbynt minsken. Dêrneist draacht it by oan de romtlike kwaliteit fan it lânskip en de leefomjouwing. It is in ûnderdiel fan ús identiteit. It ferhaal fan Fryslân mei syn rike skiednis en kultuer is in ûnderskiedend elemint, nijsgjirrich foar ús eigen ynwenners en ús gasten.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer