Fryslân stiet bekend om de romte dy' t wy hjir noch hawwe. Mar ek om it ferskaat oan lânskippen. Fan de fruchtbere klaai oan de Waadkust, de bosken en beammen yn Gaasterlân en de Wâlden, de Greidhoeke mei it fee yn it lân en ús Fryske marren. Mei troch de ynset fan de FNP binne wy by steat west om grutte wynmûnen en wynparken op it lân op te kearen. Ek de wyldgroei oan sinneparken hawwe wy yn de ôfrûne fjouwer jier foarkomme kind. Foar de Fryske regionale enerzjy strategy (RES) hawwe wy ynset op ús eigen ferbrûk. Op it stuit foldogge wy dêr ek oan. Mar wy binne net blyn foar de ûntwikkelings om ús hinne. Ek op mondiale skaal. Wy sjogge mear en mear minsken dy't de enerzjyrekken net mear betelje kinne. Wy sjogge hoe ôfhinklik wy binne fan bûtenlânsk gas en stean no foar in grutte transysje om fan de fossile brânstoffen ôf te kommen. De FNP wol dêrom op termyn autonoom wurde yn ús enerzjyferlet, mar dêrby wol each hâlde foar de balâns tusken it opwekken fan enerzjy en it behâld fan ús moaie lânskip. Dat is ommers ien fan ús skaaimerken.
Wy hâlde fêst oan it no jildende provinsjale wynmûne- en sinneparken-belied. De FNP set dêrneist fol yn op nije ûntjouwings lykas akwatermy, geotermy, wetterstof, grien gas en ‘blue energy'. Fierder wolle wy mear federalistyske oplossingen foar de útdagingen fan dizze tiid. Dêrmei bedoele wy dat wy net sitte te wachtsjen op yngrepen fan it Ryk, mar it op ús eigen wize dwaan wolle. Soarchfâldich en yn lykwicht mei de omjouwing. Om autonoom te wurden yn ús enerzjyferlet wolle wy de kommende perioade ôfspraken meitsje mei gemeenten dy't fiergeande plannen hawwe om te foarsjen yn it eigen ferlet. Tink hjirby oan in gemeente as Waadhoeke. Wy sjogge nei stikken grûn dêr't oars gjin goede bestimming foar is en stean posityf tsjinoer plannen dy't in bydrage leverje kinne om ús doelen te heljen. By grut draachflak fan de omjouwing kin maatwurk fan tapassing wêze. Sokke plannen moatte goed ynpast wurde yn it lânskip en de revenuën moatte ek beskikber wêze foar de mienskip.
Koartsein: wy litte de grutte transysje dêr't wy foar stean net oer oan de grutte jonges mar gean foar lokaal eignerskip, somtiden yn gearwurking mei grutte bedriuwen. Alles nei aard, skaal en karakter en passend by de omjouwing. Mei in robúst netwurk dat by de tiid brocht wurde sil. Dêrneist bliuwt fansels oerein dat wat jo net brûke ek net opwekt hoecht te wurden. De provinsje hâldt yn it enerzjy-belied in stypjende rol tsjinoer de gemeenten en koöperaasjes.