"Us lânskip – ús romte – ús goud" (Wat fynt de FNP oer it lânskip en de natuer)

Natuer en lânbou kinne net sûnder inoar
Lit it fuort dúdlik wêze: Natuer en lânbou gean by de FNP hân yn hân. De lêste jierren is der in soad dynamyk. Foar de FNP stiet foarop dat Fryslân de lânbou-provinsje fan Nederlân bliuwe sil. Mar wy slute ús eagen net foar de ûntwikkelingen dy't al plak fine. De agraryske sektor is in ûnmisbere spiler binnen de mienskip, foar ús minsken mar ek foar it bioferskaat, de natuer en it lânskip. De bining mei de mienskip giet trouwens noch folle fierder. Tink dan bygelyks oan de trekker by de optocht fan it doarpsfeest of it opheljen fan âld papier. Dêr moatte wy sunich op wêze.

 

Yn 2019 wie it de FNP dy' t dy ûntjouwings oankommen seach en pleite foar feroarings. Net op basis fan twang mar op basis fan reewilligens. Fryslân sil wer foaroprinne: ‘lit de boer wer in winner wêze'. Wy seagen dat de agraryske sektor fêstdraaide yn in systeem fan maksimalisaasje en regels. Doe hat de FNP al ynsetten om te kommen ta in mear ekstinsive sektor (mei kringloop-, biologyske en grûnbûne lânbou) op basis fan in goed fertsjinmodel. Dêr wolle wy bliuwend stipe oan jaan, mar de ûndernimmer giet fansels sels oer syn bedriuwsfiering. By it útjaan fan provinsjale grûn leit der wol in rol foar de provinsje. Oan de grûn dy't yn pacht útjûn wurdt kinne betingsten stelt wurde.

 

De konsumint en mienskip moatte harren rol ek nimme
Dat freget ek wat fan de konsumint, de finansjele sektor en de tuskenpersoanen. De produkten moatte wer de wearde krije dy' t se fertsjinje. Yn koartere ketens fan boer nei board. Wy sjogge dat de konsumint hieltyd bewuster in kar makket en op mear en mear plakken de ûndernimmer in twadde tak, bygelyks ferkeap oan hûs, hat. Wy wolle maksimaal de romte biede oan in twadde of tredde tak. Tink dêrby ek oan bygelyks rekreaasjefoarmen dy't tagelyk in ympuls jaan kinne oan de leefberens op it plattelân, soarch-arranzjeminten, de opwek fan enerzjy en eins de meast wichtige: de produksje fan natuerwearde en bioferskaat en dêrmei it behâld en ûnderhâld fan ús lânskip. Fanút de provinsje wol de FNP in kertiermakker dy't produsinten fan Fryske produkten keppelt oan de ynkeap-organisaasjes fan grutte bedriuwen en ynstellings. Grutsk wêze op eigen produkten is ien, mar it brûken makket écht it ferskil.

 

Fryslân: foaroprinner yn agrarysk natuerbehear
Neist it behâld fan de - foar Fryslân sa typearjende - romte binne foar de FNP in sûne grûn, skjin wetter en bioferskaat de útgongspunten foar agrarysk natuerbehear. Goed om te beneamen is dat Fryske boeren hjir al foarop yn rinne. De FNP is grutsk op de grutte stappen dy't boeren makke ha mei it agrarysk natuer- en lânskipsbehear (ANLb), it natuer-ynklusyf buorkjen wêrby't in diel fan de bedriuwsfiering bestiet út it behearen fan it lânskip en de natuer. De provinsje sil stevich mei Europa en de nasjonale oerheid yn petear moatte om it wurk fan it Kollektiven Beried Fryslân en de oansletten kollektiven en agraryske natuerferienings fierder te stimulearjen. Jild út Europa is wichtich foar ûnder mear de Fryske skriezekriten, de houtwâlen en elzesingels en foar de ikkerfûgels. Positive resultaten binne der op de Waadeilannen, yn de Bouhoeke, de Greidhoeke mar ek yn it Feangreide-gebiet en tsjin it Drints-Fryske Wâld oan.

 

Minder stikstof en skjin wetter
De FNP stipet de Fryske stikstof-oanpak. Wy sjogge dat der yn ús provinsje ek al goede foarbylden binne. Tink hjirby oan de frijwillige reduksje fan de útstjit op in eilân as Skiermûntseach. Bedriuwen dy't al omskeakele binne, meie net de dupe wurde fan nije plannen. Troch gebietsprosessen sille wy it mei inoar dwaan moatte. Op basis fan betrouwen yn inoar. Gjin twongen ûnteigening yn ferbân mei de stikstofmaatregels. Fierder sille ek de oare sektoaren lykas de bou, it ferkear, de yndustry en de loftfeart en fansels ús ynwenners harren ferantwurdlikens pakke moatte. De reduksje fan stikstof stiet net op himsels; ek op it mêd fan de wetterkwaliteit leit der in útdaging. Skjin wetter, it langer beethâlden fan wetter yn drûge tiden, it tsjingean fan de fersilting heart hjir fansels ek by. Wy stimulearje dat bestridings- en gewaaksbeskermingsmiddels sa folle as mooglik útfasearre wurde en tagelyk stimulearje wy alternativen. De FNP fynt dat wy net hieltyd nije en hegere hoepels opsmite moatte. Wy moatte de saken no fuort goed regelje sadat elk wit wêr't hy of sy oan ta is en Fryslân de lânbou-provinsje fan Nederlân bliuwt.

 

Fryslân greidefûgellân
Wy bliuwe ynsetten op it stimulearjen fan ús greidefûgels en it fergrutsjen fan it bioferskaat. It Natuer Netwurk Nederlân sil ôfmakke wurde. Wa't oan greidefûgel-behear docht en dêr subsydzje foar kriget, sil ien kear binnen de (subsydzje-)kontraktperioade fergees in kursus folgje. Mei inoar moatte wy der foar soargje dat Fryslân de greidefûgel-populaasje (ljip, skries ensfh.) op peil hâldt en dêr wêr't dat mooglik is, fergruttet.

 

Fierder hâldt de FNP each foar ús kultuerhistoaryske lânskipseleminten. Elzesingels, beamwallen en oare lânskipseleminten fertelle in part fan ús skiednis. Wat fuort is, komt net maklik werom. Yn dat ljocht wol de FNP ek in subsydzje ynstelle om wichtige lânskipseleminten dy't ferdwûn binne wer sichtber te meitsjen yn it lânskip. Dêrneist wol de FNP mei de oare Fryske oerheden it werstelplan bioferskaat fierder yn útfiering bringe. De FNP wol de subsydzje-relaasje mei ús griene organisaasjes en lânskipsbehear-partners oerein hâlde. Sy soargje mei de agraryske sektor foar it behear fan it lân. Foar de FNP binne de neisoargers fansels ek tige wichtich, de neisoarch is dan ek terjochte ymmaterieel erfgoed wurden yn 2022.

 

Natuerbehear
Yn it meast utopyske senario hâldt de natuer himsels yn lykwicht. Yn in kultuerlânskip lykas Fryslân is der somtiden al wat help by nedich. Dy help is sawol nedich foar it ûnderhâld fan de bosken as om balâns te hâlden yn de populaasje fan guon bisten. Yn guon gefallen sille predatoaren (rôfdieren) of oare bisten dy't in soad skea feroarsake kinne, bejage wurde moatte. Foar guon planten jildt allyksa dat dy aktyf bestriden wurde moatte, lykas de wettertekken (watercrassula), de grutte beareklau of oare ynvasive eksoaten, omdat dy te koste gean fan it besteande bioferskaat. Wy wolle ek fierder mei ferskate pilots rûnom it bejeien fan de stienmurd, en dy ek útwreidzje. It belied rûnom predatoaren hâlde wy dan ek oerein en wy sille maatwurk leverje wannear't dat nedich is.

 

Sûnt 2018 wurdt de wolf ek faker yn Fryslân sjoen en sûnt de simmer fan 2022 is der op de grins fan Fryslân en Drinte roedelfoarming. Foar de ien is de wolf in machtich bist, foar de oar is it in nachtmerje. De FNP wol de lobby ynsette en der foar soargje dat de wolf in krekt wat legere beskermingsstatus kriget. Op it stuit is it bist Europeesk en dus ek yn ús lân maksimaal beskerme. Lykas guon dielsteaten yn Dútslân en yn de Alpen wol de FNP krekt wat mear mooglikheden hawwe om by eksessen yngripe te kinnen. De wolf is lêstich te kearen, grutte stekken om Fryslân bouwe is ek gjin oplossing. Fierder wol de FNP dat de besteande previnsje-regeling yn de hiele provinsje jilden giet. Feehâlders dy't har fee beskermje wolle, moatte dêr de mooglikheid ta krije en stipe wurde. Mei de druk fan nije wolven út Dútslân wei sil dat ek needsaak wurde. 



2023 FNP Fryslân - Disclaimer