Stânpunt wurkje yn Fryslân

De provinsje wol de Fryske ekonomy foar langere tiid fersterkje om sa wurkgelegenheid te behâlden en de ‘braindrain’ tsjin te gean. Omdat jongelju de takomst hawwe bliuwt Ljouwert dé HBO-stêd fan Nederlân.

"Faklju fertsjinje grutte romte" (Wat fynt de FNP oer wurkje yn Fryslân)



Oan de oare kant fynt de FNP it tige wichtich te ynfestearjen yn de ambachtsekonomy. Jonge minsken dy't in fak leard ha, kinne dêrtroch wenjen en wurkjen bliuwe yn Fryslân. Boppedat is der grut ferlet oan faklju en mbo'ers. Lytsskalige bedriuwichheid (smid, meubelmakker, bierbrouwer) moat wer sichtber wurde yn de doarpskom. Mei romte foar it eksperimint. Ek de sirkulêre ekonomy wol de FNP stimulearje. 

 

Grutsk op it Fryske ûnderwiis

Lykas universitêr ûndersyk en opliedingen, de Dairy Campus , it World Trade Center yn Ljouwert  (WTC Expo) en Wetsus  dêr't de eksport oer de hiele wrâld mei befoardere wurdt. Ljouwert hâldt as haadstêd fan Fryslân spesjaal omtinken, net allinnich as ekonomyske motor, mar ek mei de wettercampus en de Fryske kultuerynstellingen dy't hjir fêstige binne. De Provinsje moat geunstige betingsten skeppe, stimulearje en oanjeie mar net sels streekrjocht dielnimme yn bedriuwen. Dat moatte kommersjele ynvestearders of ferbûne partijen lykas de Fryske ûntwikkelingsmaatskippij dwaan. 

 

In grutte opjefte foar de agraryske sektor

De agraryske sektor stiet de kommende tiid foar in grutte opjefte. Oan de iene kant binne der tal fan mooglikheden ta groei. Fryslân kin de wite motor fan de Europeeske suvel wurde. Oan de oare kant sil oan strange betingsten foldien wurde moatte wat miljeu en it lânskip oanbelanget. Wy stypje de groei fan de agraryske sektor binnen dy rânebetingsten

 

Lústerje nei de winsken fan de toerist

Rekreaasje en toerisme binne in wichtige sektor foar de Fryske ekonomy mei alle jierren in omset fan sawat € 1 miljard en 20.000 banen. Der is ek op dat mêd ferlet fan mear kwaliteit om oan de winsken fan de toerist te foldwaan. De Provinsje stimulearret dêrom kwaliteitsferbettering en fasiliteiten foar de lytsskalige ferbliuwsrekreaasje (campers, boerecampings).  

 

Aksjepunten FNP foar wurkje yn Fryslân

 

1. Stipe en omtinken fan de Provinsje foar Hegeskoallen, universitêre stúdzjes, WTC, Wetsus, Exportclub Fryslân en oare ynstellingem yn Fryslân dy't de struktuer fan ús ekonomy troch ûnderwiis en eksportbefoardering ferstevigje. Langjierrige finansiering foar de kontinuïteit fan Wetsus en de wetterkampus-partijen is dêrby fan it grutste belang.

 

2. Stipe foar folslein breedbânynternet foar it plattelân yn 2023 en de gebietsrjochte plattelânsûntwikkeling.

 

3. By provinsjale subsydzjes benammen projekten ‘fan ûnderen op' befoarderje. En goede begelieding om bedriuwen en organisaasjes te helpen mei minskkrêft of stipe fia bygelyks ‘YnBusiness', kennis oer eksport, bedriuwsûntwikkeling en ynnovaasje fia ‘vouchers'.

 

4. It nei Fryslân heljen fan research om út lânbouprodukten ferfangers fan nitraten en fosfaten te winnen.

 

5. Trochgean mei earlike hannel. Fryslân is ‘Fairtrade-provinsje' en dêr wolle wy mei fierder. By de produksje en hannel rekken hâlde mei minskerjochten, miljeu en de tredde wrâld!

 

6. Yntegraasje fan rekreaasje en toerisme mei oare aktiviteiten op it plattelân; gjin grutskalige projekten yn de iepen romte. Omtinken yn de marketing foar ‘it oare Fryslân' neist de wettersport. Folop ynsette op de neilittenskip fan KH2018 foar in bliuwend effekt op rekreaasje en toerisme.

 

7. In folweardige maatskiplike koste-bate-analyze foarôf by grutte ynfraprojekten.

 

8. De spoarferbiningen fan en nei Fryslân fierder optimalisearje, feiliger en flugger. Dat jildt ek foar de lokale spoarferbiningen yn Fryslan.

 

9. Farwei troch de Alde Feanen net opwurdearje foar grutte skippen Klasse Va.

 

10. Realisaasje fan in nije slûs en brêge by Koarnwertersân foar 2022.

 

11. By oanbestegingen yn Fryslân de betingsten sadanich regelje dat it lokale en regionale bedriuwslibben ek gading meitsje kin.

 

12. De brêge oer de Skarsterrien ferfange troch in akwadukt (A6).

 

13. Rom baan foar it fytsferkear, mei stimulearjende maatregels yn in nije fytsnota.

 

14. De feartsjinsten nei de waadeilannen yn in provinsjale konsesje ûnderbringe.

 

15. Lânbouferkear safolle mooglik skiede fan it oare ferkear.

 

☞ Nei it ferkiezingsprogram 2019-2023 

 



2019 FNP Fryslân - Disclaimer