Deputearre Klaas Fokkinga



 

 


 

 



Klaas Fokkinga is de FNP-deputearre. Fokkinga is yn 1953 berne en wennet yn Nes (Noardeast-Fryslân). Hy siet earder yn Provinsjale Steaten (2015-2019) en yn de gemeenteried fan Dongeradeel (2010-2015). Fokkinga folge begjin 2020 deputearre Johannes Kramer op, dy't beneamd is as boargemaster fan Noardeast-Fryslân.   

 

Fokkinga giet ûnder mear oer lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfguod, breedbân-ynternet en Holwert oan See.

As âld-Steatelid is Fokkinga thús yn dizze ûnderwerpen. Plattelânsbelied, wenjen en Holwert oan See hie er sels yn portefúlje.

 

Fokkinga is as deputearre ek lid fan it Europeeske Kommitee fan de Regio's

 

Njonken politikus is Fokkinga in ûnderwiisman. Hy wie direkteur fan basisskoallen en skoallekoepels. Sûnt 2011 hie er syn eigen ûnderwiisadfysburo ‘Interprimair'. Dat hâldt him dwaande mei ynternasjonalisearing yn it ûnderwiis, ûnderwiisprojekten en mei it learen fan frjemde talen yn it bûtelan. ,,As deputearre moat ik dit moaie wurk oerdrage oan oaren'', wit Fokkinga. ,,Mar dat ha ik graach oer foar it wurkjen foar de Fryske mienskip.''

 




2020 FNP Fryslân - Disclaimer