Gerben Gerbrandy: kandidaat Earste Keamer


FNP’er Gerben Gerbrandy hat him kandidaat steld mei as doel mear sizzenskip en foech nei Fryslân en de regio’s te krijen foar wichtige tema’s lykas ûnderwiis, soarch, lânbou, kultuer, enerzjy en media.

 

Gerbrandy (1952) is hikke en tein yn Fryslân, wie 25 jier learaar en 20 jier aktyf yn de polityk. Twa jier riedslid Súdwest-Fryslân, 13 jier wethâlder Wymbritseradiel en 6 jier boargemaster Achtkarspelen. Dêrnjonken hat hy altyd aktyf west yn tsjerke en mienskip.

 

Syn doel is it lûd fan de ûnôfhinklike partijen yn Nederlân hearre te litten. Gerbrandy: “It soe foar De Haach wol wiis wêze om dat lûd, fan 33 prosint fan alle kiezers, serieus te nimmen. De ûnôfhinkliken komme der oan!”




Hindrik ten Hoeve


Hindrik ten Hoeve (FNP) hat mei-inoar 12 jier senator west foar de OSF. Hy hie grut oansjen en hat beskiedend west yn tal fan saken, lykas it opkearen fan besunigingen op kultuer, it feilichstellen fan Frysktalige berne-opfang en it feilichstellen fan de ûnôfhinklikens fan Omrop Fryslân.




2019 FNP Fryslân - Disclaimer