FNP Kandidatelist Provinsjale Steateferkiezings 2019


Hjirûnder ús list mei 50 kandidaten. Under de list fine jim in oersjoch fan de earste 10 mei wat mear ynfo oer dizze kandidaten.

 

1 Johannes Kramer, Sibrandabuorren
2 Corlienke de Jong, Jutryp
3 Sijbe Knol, Sint-Anne
4 Sybren Posthumus, Reduzum
5 Wopke Veenstra, Boelensloane
6 Rein van der Wal, Surhústerfean
7 Gerben van der Mei, Tsjummearum
8 Albert Seldenrust, Ljouwert
9 Thom Feddema, Raard
10 Lisette Akkerman, Ferwert
11 Janke de Vries, Dunegea
12 Klaas Fokkinga, Nes (NEF)
13 Gea Iedema, Frjentsjer
14 Bert Koonstra, Sweagerbosk
15 Liskje Flapper, Burchwert
16 Ate Eijer, Jobbegea
17 Welmoed van der Werf, Dokkum
18 Sicco Rypma, Blauhús
19 Gerda de Vries, De Jouwer
20 Leendert Ferwerda, Sint-Anne
21 Ben Bruinsma, Sint-Anne
22 Jeltsje Piersma, Nijemardum
23 Jelle Gerbrandy, Drylts
24 Anje Wester, Earnewâld
25 Rikus Sinnema, Stiens
26 Tsjerk Bouwhuis, Toppenhuzen
27 Ferry van der Ploeg, De Westereen
28 Jochum Meester, Sint-Jânsgea
29 Aant Jelle Soepboer, Nijewier
30 Jan Pieter van der Velde, Ryptsjerk
31 Hanneke Jouta, Ferwert
32 Chris van Hes, De Jouwer
33 Alette de Jong-Kleefstra, Nijbrêge
34 Ruurd de Graaf, Dokkum
35 Aeltsje de Groot-Zantema, Stiens
36 Jaap Postema, Dokkum
37 Saapke de Groot-Voolstra, Ljouwert
38 Jorrit Zondervan, Wâldsein
39 Lyda Veldstra, Grou
40 Bram Bonnema, Frjentsjer
41 Jan Willem Tuininga, Stiens
42 Wijbe Postma, Eastermar
43 Corry Bergstra-Veldhuis, Snits
44 Jan Dijkstra, Hitsum
45 Annigje Toering, Mantgum
46 Tjibbe Brinkman, Twizel
47 Durk Durksz, Vegelinsoard
48 Pytsje de Graaf, Ternaard
49 Wout Zijlstra, Folsgeare
50 Cees van Mourik, De Gaastmar




1. Johannes Kramer


Wenplak: Sibrandabuorren

E-post: johannes.kramerfnp.frl



Ik bin Johannes Kramer, ik bin 51 jier âld en wenje mei Christina en ús fjouwer bern, Tsjits, Gooitske, Gerrit en Arjen yn Sibrandabuorren.

 

De ôfrûne 8 jier ha ik my as deputearre út namme fan de FNP fan en foar Fryslân hurd ynsetten foar ús mienskip. Us natuer en ús lânbou bin tige wichtich foar ús provinsje. Dat is ús griene goud dat wy beskermje en fersterke moatte. Ek it OV is wichtich foar de mienskip, de skoalbern en de minsken sûnder auto. Ik ha my ynset om de berikberens fan ús provinsje, sawol nei Fryslân as binnen de provinsje oerein te hâlden en better te meitsjen. In leefber plattelân is in spearpunt foar my en de FNP. Troch it Iepen Mienskipsfûns hawwe wy hûnderden projekten fan ûnderop mooglik meitsje kinnen.

 

Fansels wol ik my graach ek de kommende fjouwer jier fûleindich foar ús Fryske mienskip ynsetten bliuwe. Mei jo stipe moat dat slachje!




2. Corlienke de Jong


Wenplak: Jutryp

E-post: c.dejongfryslan.frl

Tillefoan: 06 - 220 190 66



Graach stel ik my efkes foar: Corlienke de Jong is myn namme en ik kom fan ’e Jutryp; in lyts doarpke ûnder de reek fan Snits. Ik bin troud en mem fan trije prachtige dochters, dy’t alle trije bûten Fryslân studearje, wurkje en wenje. Yn it deistige libben wurkje ik al mear as 30 jier as dosint op it Friesland College yn Hearrenfean op de Technyk-ôfdieling. Njonken lesjowende taken, hâld ik my dêr dwaande mei de staazjekoördinaasje fan meubelmakkers en skipsinterieurbouwers. Yn dy funksje kom ik yn tal fan bedriuwen binnen en bûten Fryslân om ús studinten te begelieden. Ek bin ik noch relaasjebehearder fan de sektor Technyk fan ús skoalle.

 

Sûnt 1992 haw ik in hiele moaie njonkenfunksje krigen; doe bin ik nammentlik trou-amtner wurden fan de gemeente Wymbritseradiel en letter fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Wat ik doe fûn, fyn ik noch altyd: it is in foarrjocht èn in weelde om in rol spylje te meien op ien fan de meast lokkige mominten yn it libben fan twa minsken.

 

Yn 2015 krige ik der noch in geweldige útdaging by; doe waard ik keazen as Steatelid en letter as Fraksjefoarsitter foar de FNP yn Provinsjale Steaten fan Fryslân. In boppeslach! Om der oan by te dragen om Fryslân, de provinsje dy’t my sa oan it hert bakt sit, takomstbestindich te meitsjen en goed oer te dragen oan ús neiteam, dat rekket my djip.

 

Ik fiel my mei herte en siele ferbûn mei Fryslân.




3. Sijbe Knol


Wenplak: Sint Anne

E-post: sijbe.knolfnp.frl

Tillefoan: 06 - 309 444 15



Sijbe Knol, 28 jier, mei myn freondinne Geertje wenje ik hjoeddedei yn Sint-Anne en dêrfoar yn Berltsum. Sûnt 2013 bin ik lid fan de FNP en fan 2016 ôf mei ik folksfertsjinwurdiger wêze.

 

Der wêze foar de minsken. As se skilje en der is wat, dan der hinne, der wurk fan meitsje. Dat kinne minsken fan my ferwachtsje. Wenje, libje en foaral ek wille. De krêft fan de mienskip brûke. Dat is wêr’t ik foar stean. No yn de Gemeenteried fan de gemeente Waadhoeke en dat sil yn Provinsjale Steaten net oars wêze.

 

De FNP is foar my de partij, dy't nei de ynwenners harket en dêr ek wat mei docht. Wy kinne grutsk wêze op ús provinsje Fryslân en de wize fan omgean mei elkoar. Betelbere en beskikbere (duorsume) wenningen en kultuer en sport binne spearpunten, wêr't ik my hurd foar meitsje. Yn Fryslân binne wy ryk oan kultuer (talen) en sport en dat moatte wy stimulearje.

 

By de FNP is op dit stuit sprake fan in flinke groei fan jongere leden, in prachtige ûntwikkeling. Ik soe graach dy stim fan de takomst ek yn de Steaten hearre litte wolle. Der wurde in soad saken besprutsen oer in wrâld, dêr't wy noch jierren mei fan dwaan ha. Dan is it ek saak om dêr oer mei te praten en te kedizen. Om koart te gean: in stem foar de takomst!




4. Sybren Posthumus


Wenplak: Reduzum

E-post: sybren.posthumusfnp.frl

Tillefoan: 06 - 302 266 84

 



Myn namme is Sybren Posthumus, 49 jier en wenjend yn Reduzum. Alexandra is myn freondinne en ik haw twa dochters fan 13 (Sjoukje) en 15 jier (Hannelys). Haw in eigen bedriuwke as zzp’er. Reduzum leit hiel sintraal yn Fryslân en is dus ideaal foar in ûndernimmer mar ek as Steatelid fansels! Berne yn Marsum, diamant fan it eardere Menameradiel en dêr de earste 18 jier ek wenne. Dêrnei, fanwegen stúdzje, nei de stêd Grins. Ik haw in prachtige studintetiid hân, lid west fan de Fryske studinteferiening Bernlef en aldergeloks de stúdzje bedriuwskunde mei goed resultaat ôfslute kinnen.

 

Nei de stúdzje haw ik ferskate banen hân yn de stêd Grins (by in drukkerij) en yn Ljouwert (by Frigem, by de Postbank en ek as beliedsmeiwurker by de provinsje). Sûnt 2002 bin ik polityk aktyf, earst as riedslid yn Ljouwert, letter as riedslid yn Boarnsterhim en sûnt 2011 yn de Steaten fan Fryslân. Dêr fiel ik my thús as in fisk yn it wetter. Ik haw no twa perioades fan 4 jier der op sitten en it wurk is noch net dien! Graach gean ik fierder foar de FNP-fraksje yn de Steaten. Myn oandachtspunten binne ekonomy, rekreaasje en toerisme, finânsjes en Europa. Dat betsjut ynset foar goed én genôch wurk yn Fryslân, it oanlûken fan toeristen nei ús moaie regio, hoeden omgean mei mienskipsjild en sjen wêr’t foar Fryslân de kânsen lizze yn Europa. Wat de ekonomy oangiet moatte wy benammen de ambachtsekonomy (faklju!) stimulearje!




5. Wopke Veenstra


Wenplak: Boelensloane

E-Post: wopke.veenstrafnp.frl

Tillefoan: 06 - 133 737 29



Ik bin Wopke Veenstra, berne te Smellingerlân op 17 juny 1962 en ik sil my efkes koart foarstelle.

Griet en ik binne troud op 24 septimber 1962, we binne tige wiis my ús dochter Tineke. Yntusken is der ek in skoansoan in ús fermidden kaam: Hains Mous. We wenje yn Boelensloane yn de gemeente Achtkarspelen. Oant ferline jier hawwe we in biologyske feehâlderij behoffene op de Boelensloane, mar troch in ûngemak is dit net mear mooglik. Dat is spitich mar it is net oars. Lokkich is de measte grûn wol oergongen nei in biologyske boer.

 

Foar de FNP mocht ik 6 jier lang yn it algemien bestjoer fan it Wetterskip sitte. Nei dizze perioade bin ik yn de Steaten kommen, oant no ta mei in soad niget want it is prachtich wurk. Foardat ik yn de Steaten kaam, haw ik yn ferskate agraryske natoer-ferieningen bestjoerlik aktyf west. Dat begûn by de VANLa (Achtkarspelen), dêrnei kaam it bestjoer fan de NFW (Noardlike Fryske Wâlden) op myn paad. Fandêr út kaam ik ek yn it bestjoer fan BoerenNatuur ôfdieling Fryslân. Doe't ik yn de Steaten kommen bin, haw ik ôfskied fan al dizze bestjoeren nommen. Ik wol sûnder 'last en ruggespraak' it ferhaal yn de Steaten dwaan kinne. Fandêr gjin bestjoerlike aktiviteiten dy't neffens my net te kombinearjen binne mei it Steatenlidmaatskip.

Op dit stuit bin ik foarsitter fan de Minniste gemeente Rottefalle / it Wietfean, en doch noch wat foar de fuotbalferiening fan de Rottefalle: VVR Rottevalle.

 

Graach wol ik my de kommende Steatenperioade wer ynsette foar de FNP!

 




6. Rein van der Wal


Wenplak: Surhústerfean

E-Post: rein.van.der.walfnp.frl

Tillefoan:



Myn namme is Rein van der Wal, 60 jier âld en wenje yn Surhústerfean. Ein 2018 bin ik trout mei myn freondinne Sandra. We ha 2 prachtige jonge soannen: Kristian en Kevin. Ik bin ûnderwizer fan orizjine.

 

Wat doch ik sa al? Yn haadsaak bin ik op dit stuit Earste Opfolger by de Steate-fraksje fan de FNP, dêrneist sit ik yn de stipe-fraksje fan FNP Achtkarspelen (skriuwer). Ik ha yn it ferline ek al in protte politike ûnderfining opdien as riedslid.

 

Dêrneist ha ik fansels ek wol oare saken dien as polityk: ik bin lid west fan it journalistenforum fan Omrop Fryslân, ik ha beheinde minsken begelied op hun simmerfakânsjes, en ik bin lid west fan it haadbestjoer fan de Provinsjale Fryske Dambûn, want neist polityk is damjen myn grutte hobje.

Ik fyn dat Fryslân in unike provinsje is, mei syn moaie taal, kultuer, lânskip en sporten. Dit moatte we koesterje, bewarje en útbouwe. De 7 kearnwearden fan de FNP ûnderskriuw ik hielendal, wêrby de kearnwearde solidariteit foar my it wichtichst is. Dat ha myn âlders my leart en komt dus wei út myn grutbringen. Dêrneist moat de mienskip sintraal stean foar de FNP.

 

Ik wol my graach yn de Steaten sterk meitsje foar en bezig hâlde mei:
1. Ferkear en infrastructuur
2. Leefberens
3. Iepenbier ferfier, en
4. Sport.

 

Koartom, ik wol graach myn bêst dwaan foar de FNP en foar jimme opkomme yn de Steaten fan Fryslân. Ik bin in Wâldman dus striidber at it moat!

 




7. Gerben van der Mei


Wenplak: Tsjummearum

E-Post: gerben.van.der.meifnp.frl



Ik bin Gerben van der Mei, wenje yn Tsjummearum der’t ik yn 1957 ek berne bin. Tegearre mei Sietske hawwe wij trije bern dy’t al wer in skoftsje de doar út binne.

 

Nei myn stúdzje HEAO en Fiskaal Rjocht yn Grins haw ik bij in grut kantoar it fak fan belestingadviseur leard. Mar alwer sa’n 25 jier fertsjinje ik de kost yn myn eigen praktyk. Undernimmers, partikulieren en akkountants- en administraasjekantoaren kinne in berop op mij dwaan.

 

Fan 2002 oant 2010 wie ik riedslid foar de FNP yn de gemeente Frjentsjerteradiel, no Waadhoeke. Neist de polityk bin ik al jierren aktyf yn bestjoeren fan ferskate (doarps-)ferienings en stiftings. Fan de Stifting Slachtemaraton wie ik fan de oprjochting yn 2002 oant 2013 ponghâlder. Njonkenlytsen bin ik alwer hast 7 jier foarsitter fan doarpsbelang. Fierder fertsjintwurdigje ik de doarpen yn de regio yn de bestjoerskommisje Gebietsûntwikkeling Noardwest Fryslân. In provinsjale kommisje dy’t ynsteld is om de herstelwurken fan de gefolgen fan de sâlt- en gaswinning út te fieren.

 

Mei de FNP wol ik my ynsette foar it unike fan Fryslân, de Friezen, de mienskip. Om ús hinne sjogge jo yn de doarpen de gefolgen fan krimp en fergrizing. Foarsjenningen dy’t ferdwine, leefberheid yn de knipe, it fuortlûken fan jongerein (braindrain).

Ynsette op behâld fan foarsjenningen en in goede ynfrastruktuer hawwe wy nedich. In goede berikberheid mei (iepenbier) ferfier sawol yn Fryslân, as mei de rest fan Nederlân.




8. Albert Seldenrust


Wenplak: Ljouwert

E-post: albert.seldenrustfnp.frl

Tillefoan: 06 - 460 714 14



Berne yn Grou. Opgroeid sawat oan it wetter. It fuortset ûnderwiis folge yn Ljouwert oan de BHV, dêrnei oan it wurk.

 

Earst 8 jier Halbertsma yn Grou en dêrnei fia fersekeringen en yndustriële ûnderhâld ferkeap nei in ynternasjonaal kantoar en direksje meubilair ûnder de riek fan Rotterdam. Tuskentiids wer oan de stúdzje en opwurke nei ferkeaplieder Nederlân. Yn 1989 de oerstap makke nei de Hoareka en in hotel/kafee/restaurant oernommen yn Sint Nyk, de Maxis Hoareka hypermarkt yn Ljouwert, in restaurant makke fan NS stasjon Grou. Dochs nei tal fan bedriuwen de oerstap (werom) nei de meubelbranche yn 1999. Nei in oantal management en direksje funksjes, foar mysels begûn as ASM meubelgruthannel en Meubeldroom winkels. Dus al mei al mear as 30 jier ûnderfining yn management en direksjes.

 

Wat ik foar de FNP betsjutte wol, en dus foar Fryslân, is my sterk meitsje foar: ekonomy, toerisme, rekreaasje, wurkgelegenheid en wolwêzen. Net it wolwêzen yn medyske sin mar it wolwêzen yn maatskiplike sin. Foar minsken mei in ôfstân op de arbeidsmerk, foar lytse ûndernimmers, foar elts dy him/har net feilich fielt yn eigen omjouwing, foar minsken dy harren beheind fiele troch regeldruk en burokrasy.

 

Koartom: foar eltsenien dy't beheind wurd yn syn libben op it maatskiplik flak. Earst prate mar dan dwaan!




9. Thom Feddema


Wenplak: Raard

E-post: thom.feddemafnp.frl



Goeie! Myn namme is Thom Feddema út Noardeast-Fryslân, 54 jier, troud en trije bêrn. Wurksem by Justysje yn de 'circulaire economie'.

De reden dat ik op de list foar de FNP stean is: foar de stim fan Fryslân. Hoedsje en noedsje, grut wêze troch op it lytse te passen.

 

Wat wol ik dwaan foar Fryslân en hoe?!

Nei 45 jier fjildman wol ik sa gau as mooglik de delgang stopje fan de efterútgang fan ús bioferskaat. Mei de 'kening fan de greide' de skries as liedfûgel. Troch in langetermyn-fisy en gjin ad-hoc polityk sa as no, wol ik in sûne boaiem werom, ek mei kruden en blommen. Dit jout wer ynsekten, dus fretten foar de piken. In goed linich greidefûgelbehear mei in earlike fergoeding foar de ûndernimmer. Mei goed predaasjebehear. In lânboubelied mei takomst foar boer en bioferskaat. Dus mear fûgels en net minder boeren! Ik wol de maitiidslûden werom yn it fjild en in boer dy't grutsk oer syn lân rint!

 

Wy meie grutsk wêze op Fryslân. Net om 'e nocht keazen ta moaiste provinsje. Dit moaie wol ik behâlde. Sa is FNP foar wynenerzjy, mar wol op see! Wy wolle ús moaie wiidske lânskip net ferniele. Gjin nije gasboarings en al hielendal net op de Waadsee! Wy binne grutsk op ús kliffen, marren, klaai, dunen, bosk en wâlden. We hawwe mar ien lânskip, dêr fiel ik my ferantwurdelik foar; jo ek?

 

Ús taal: ik wol fan pjut oant universiteit goed Frysk ûnderwiis. Dat der gjin Fryske bêrn as analfabeten yn harren eigen taal mear fan skoalle komme. Dit baseare op lykweardigens. Dit hâldt yn: meters meitsje en net stinne, mar begjinne. Mei fleur en kleur op de wangen en in bytsje humor.

 

Dêr gean ik foar, dêr stean ik foar! Stim 20 Maart FNP! Foar DE stim fan Fryslân!




10. Lisette Akkerman


Wenplak: Ferwert

E-post: lisette.akkermanfnp.frl

Tillefoan:



Myn namme is Lisette Akkerman, 36 lentes jong en ik wenje tegearre mei myn freon yn Ferwert. Ik wurkje yn 'e útfeartsoarch en dêrneist ha ik in eigen bedriuw yn coaching en training.

 

Sûnt 2014 bin ik polityk aktyf; earst as riedslid fan de FNP yn Ferwerderadiel en no nei de weryndieling fan 1 jannewaris 2019 yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Fryslân is in prachtige provinsje mei in eigen taal, mei prachtige natoer en lânskippen en mei unike sporten. Dit moatte we behâlde en beskermje. Ek de leefberens yn doarp en wyk moat goed wêze, mei goed iepenbier ferfier en in doarpshûs of wykgebou om inoar te treffen.

 

Ik fyn it wichtich dat minsken mei nocht en wille wurkje, libje, ûntspanne en genietsje kinne yn en fan harren prachtige provinsje. Ik set my dan ek graach yn foar de natoer en it bioferskaat, de leefberens, behâld fan sport, kultuer en soarchfoarsjenningen foar jong en âld!




2019 FNP Fryslân - Disclaimer