FNP Kandidaten Wetterskip Fryslân 2019


1 Bram Bonnema, Frjentsjer
2 Yde Dijkstra, Ljouwert
3 Bert Vollema, Tsjom
4 Jan van der Kooi, Ryptsjerk
5 Wietske Poelman, Strobos
6 Jeltsje Piersma, Nijemardum
7 Gabe Schaaf, Baard
8 Johannes van der Pal, De Lemmer
9 Wietze Lap, De Rottefalle
10 Age de Jong, Skearnegoutum
11 Annigje Toering, Mantgum
12 Sicco Rypma, Blauhús
13 Frank de Boer, Ljouwert
14 Geerling Schippers, Burgum
15 Sake van der Meer, Koatstertille
16 Poppe Hooijsma, Mildaam
17 Jaap Cuperus, Dokkum
18 Auke Bijlsma, Terherne
19 Jan van der Schaar, Tsjummearum
20 Durk Oosterhof, Drachten


Us listlûker: Bram Bonnema


Wenplak: Frjentsjer

E-post: bram.bonnemafnp.frl



Bram Bonnema (64), Frjentsjer

Ik bin 64 jier lyn berne oan de seedyk ûnder Tsjummearum. Nei de M.U.L.O. en MEAO (kommersjele rjochting) it útjouwersdiploma helle by de FMA. Rom 30 jier as haad ynkeap/buroredakteur wurke bij útjouwerij Wever/Van Wijnen. Fanôf 2006 12 jier wurke as wethâlder yn 3 gemeenten mei û.o. romtlike oardening, rekreaasje en toerisme, behear iepenbiere romte en finânsjes yn portefeuille. Wie yn dy perioade 8 jier bestjoerslid fan de VFG. As frijwilliger bin ik foarsitter fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer en skipper op de pont by Keimptille.

Yn it wetterskipsbestjoer wol ik my ynsette foar:
- Mear wetterberging om skea oan de natuer foar te kommen
- Ynwenners mei lokale kennis belûke by it meitsje fan plannen
- It prinsipe “de fersmoarger betellet” mear betsjutting jaan
- In sûn finansjeel belied. Belesting net mear ferheegje as mei it ynflaasjesifer




2019 FNP Fryslân - Disclaimer