Deputearre Klaas Fokkinga



 

 


 

 



 

 

Fokkinga is foardroegen troch in adfyskommisje ûnder lieding fan Earste Keamerlid Gerben Gerbrandy. De leden ha freedtejûn 29 novimber ynstimd mei de kandidatuer fan de twadde FNP-deputearre ea. Provinsjale Steaten hawwe op 22 jannewaris ynstimd mei de beneaming.

 

Fokkinga giet ûnder mear oer lânbou, leefberens, wenjen, plattelânsbelied, erfguod, breedbân-ynternet en Holwert oan See.

As âld-Steatelid is Fokkinga thús yn dizze ûnderwerpen. Plattelânsbelied, wenjen en Holwert oan See hie er sels yn portefúlje.

 

Njonken politikus is Fokkinga in ûnderwiisman. Hy wie direkteur fan basisskoallen en skoallekoepels. Sûnt 2011 hat er syn eigen ûnderwiisadfysburo ‘Interprimair'. Dat hâldt him dwaande mei ynternasjonalisearing yn it ûnderwiis, ûnderwiisprojekten en mei it learen fan frjemde talen yn it bûtelan. ,,As deputearre sil ik dit moaie wurk oerdrage moatte oan oaren'', wit Fokkinga. ,,Mar dat ha ik graach oer foar it wurkjen foar de Fryske mienskip.''

 




2020 FNP Fryslân - Disclaimer