Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Foto's en ynfo FNP kandidaten Wetterskip Fryslân

20 kandidaten FNP foar Algemien Bestjoer en DB Wetterskip Fryslân

Klik hjir nei de folsleine FNP kandidatelisten as *.pdf tekst

 

De boppeste 5 kandidaat AB leden FNP yn Wetterskip Fryslân

   
 Sake van der Meer 2015 lyts  

1. Sake van der Meer (70)

 

Mail: sake.van.der.meerfnp.frl

 

Wennet yn Koatstertille. Is ûndernimmer en riedslid foar de FNP yn Achtkarspelen. Hat as foarsitter fan Sportfiskerij Fryslân in protte mei wetter en it Wetterskip te meitsjen. Wol him graach ynsette foar in goed wetterbehear. Wetter en alles dat dêrmei gearhinget is fan grutte wearde foar de leefberens fan Fryslân.

 

 Jan van der Kooi 2015 lyts  

2. Jan van der Kooi (68)

 

Folgje my op Twitter: @ypeijsingel

Mail: jan.van.der.kooifnp.frl

 

Komt fan Ryptsjerk. Wie earder riedslid FNP yn Tytsjerksteradiel en lid fan it FNP Haadbestjoer. Is bestjoerslid fan CNV Fakminsken. Wichtich: Lân, Lucht en Wetter freegje yntegraal behear fan it Wetterskip. Fynt dat ekonomy allinnich net liedend is. Boeren, boargers en bedriuwen hawwe in maatskiplike taak yn de soarch foar minske, bist en natuer.

 

 

 Anna Martha van der Mei 2015 lyts  

3. Anna Martha van der Mei (42)

 

Folgje my op Twitter:  @AnnaMarthavdMei

Mail: annamartha.van.der.meifnp.frl  

 

Wennet yn Tsjom. Hat wethâlder en Steatelid foar de FNP west en is foarsitter fan de FNP ôfdieling Frjentsjerteradiel. Hast as stjoergroeplid meiwurke oan it komplekse projekt Noardlike Alvestêdefarrûte. 'Wetter hat ek in rekreative funksje, it is in wichtich part fan ús gea en dêr moatte we fan genietsje kinne.'

 Lolke Folkertsma 2015 lyts  

4. Lolke Folkertsma (61)

 

Folgje my op Twitter:  @lolketjitte

Mail: lolke.folkertsmafnp.frl

 

Lolke Folkersma, grut wurden yn't Heidenskip, wennet no yn Dokkum. Wie earder Steatlid foar de FNP. Is no Riedslid yn Dongeradiel en Wetterskipsman yn AB. 'Wetter is ús freon mar ek samar ús fijân. Dêrom: in multifunksjoneel Woudagemaal en it 'draaiboek iiswille' binne saken dy't dat sichtber meitsje. De FNP giet derfoar !'

 Annigje Toering 2015 lyts  

5. Annigje Toering (68)

 

Folgje my op Twitter:  @annigjetoering

Mail: annigje.toeringfnp.frl

 

Wennet yn Mantgum. Hat har sûnt 2003 foar de FNP yn Provinsjale Steaten mei nocht en niget ynset foar Fryslân en de Friezen. De lêste fjouwer jier as fraksjefoarsitter fan ien fan de koalysjepartijen. Dy politike ûnderfining wol se no graach ynsette foar it Algemien Bestjoer fan it Wetterskip. Wetter is neffens har fan libbensbelang foar de minsken yn Fryslân en fertsjinnet dêrom alle omtinken.



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)