Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: jildkrapte Wetterskip gefolch fan taakferbreding

Lolke Folkertsma: oandwaanlik pleit fan Skelte Brouwers fan Water Natuurlijk

Lolke Folkertsma   

Lolke Folkertsma: 'In oandwaanlik pleit fan Water Natuurlijk.

Mar de jildkrapte bij it Wetterskip is mei it gefolch fan de taakferbreding,

bygelyks op it mêd fan natuer en miljeu.'

 

Reaksje? Mail: lfolkertsmawetterskipfryslan.nl

  

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ljouwert -Wetterskip Fryslân kin takom' jier finansjeel net fierder springe as de pols lang is. Der komt in ferhoalen personielsstop en der is suver gjin jild foar nije inisjativen. It Wetterskip is sa ûnwis oer de eigen takomst, dat der gjin dúdlik finansjeel mearjierrenperspektyf ôfpraat wurde koe.

 

Trochstrings wurde ynkomsten en útjeften fiif jier yn it foar rûze, mar faaks wurdt foar 2015 wol besluten om de wetterskippen ûnder it bewâld fan de provinsjes te bringen. Boppedat kin it ek wêze dat regear en parlemint de wetterskippen finansjeel útklaaie sille.

It algemien bestjoer besocht juster mei it CDA, de Keamer fan Keaphannel en de boerefraksje Werken aan Water foarop om it deistich bestjoer foar kommend jier fêst te setten op in 'nulline'. Dat slagge nei in maitiid fan hottefyljen net alhiel, mar neffens dykgraaf Paul van Erkelens is de grins fan akseptabele besunigings dan ek wol berikt. 'Laten we niet overdrijven' sa hold de dykgraaf it CDA foar.  


Hy krige dêryn stipe fan de PvdA en de ChristenUnie. De fraksje Water Natuurlijk neamde it ferwoeden besunigjen 'soarchlik'. Benammen it útsmarren fan it ynoarder meitsjen fan iggen en kaaien oer tweintich jier yn stee fan tsien jier is de natuer- en miljeufraksje slim yn' e wei. ,,Wy moatte stean foar ús taken. It kin net fergees. Dy"t docht as koe dat al, skoot allinne mar mear problemen foar him út"", zei voorman Skelte Brouwers.

FNP"er Lolke Folkertsma neamde it pleit fan Brouwers ,,oandwaanlik"". Neffens him is de jildkrapte by it wetterskip mei in gefolch fan taakferbreedzjen troch desintralisaasje, dêr't it nedige jild foar ûntbrekt. 

Lagere Lasten Burger frege om'e nocht de wetterskipslesten te befriezen. De fortuynistyske trijemansfraksje is fan betinken dat Wetterskip Fryslân in te kostbere taakopfetting hat. As foarbyld neamde LLB"er Hessel Bouma it plande supergemaal op Lauwerseach. ,,Jou it wetter earst mear romte yn sleatten en polders en sjoch dan ris wer.""

Boarne: Ljouwerter Krante
Publikaasje datum: 2010-07-07



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)