Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Boarger krijt de rekken fan hegere kosten Wetterskip

Ekstra ûnderhâld seediken trochskood nei Fryslân

Lolke Folkertsma     

Foar de FNP is ien saak wol dúdlik: it priiskaartsje foar de boargers en bedriuwen yn Fryslân en Westerkwartier mei net as slútpost brûkt wurde.

 

Lolke Folkertsma

 

Reaksje? Mail lfolkertsmawetterskipfryslan.nl of skilje 06-46157736

 

De boargers fan Fryslân en Westerkwartier driigje de rekken te krijen fan hegere Wetterskipslêsten.  Yn 2011 kriget Wetterskip Fryslân goed 4 miljoen ekstra oan ûnderhâldskosten fan de seediken foar de kiezzen.

  

Dat it Wetterskip it trochskowen fan de kosten foar it ûnderhald fan de seediken m.y..f 2011 "ordinair" fynt is te begripen mar ek nuver en nayf, sa seit FNP wetterskipsbestjoerder Lolke Folkertsma.

  

It wie de Unie fan Wetterskippen - de oerkoepeling fan alle wetterskippen yn Nederlân - sels , dy't mar wat gretich seine "wy stean foar 100 miljoen besuniging."  Foar Wetterskip Fryslân sil dat goed 3- 4 miljoen per jier betsjutte.

 "Dat is gewoan de priis dy't it Wetterskip foar har gretichheid om as selsstannich bestjoersorgaan bestean te bliuwen, betellet " , sa mient Folkertsma.

Yn it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân is der al faker foar warskôge dat it royale gebaar fan 100 miljoen besuniging as in boemerang werom komme kin.

  

It better ôfstimmen fan wurksumheden tusken gemeenten en wetterskip moat noch hannen en fuotten krije. It sil foar de takomst net mear opsmite as dat wy ‘ minder mear' oan wetterskipslêsten betelje.

  

Dizze tsjinfaller sil betsjutte dat der yn de begrutting fan Wetterskip Fryslân noch mear snijd wurde moat. Noch mear wurksumheden sille foarútskood wurde moatte.  Yngeand sjen nei de eigen organisaasje is ek gjin ûntkommen oan.  Nijsgjirrich is it oanbod fan Galama om de oerkapasiteit yn it nije provinsjehûs ynfolje te litten troch amtners fan it Wetterskip.

  

Foar de FNP is ien saak wol dúdlik: it priiskaartsje foar boargers en bedriuwen yn Fryslân en Westerkwartier mei net as slútpost brûkt wurde.

  

  

 



Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)